Cambuur wint fan Zwolle

Sandor v.d. Heide iepene de skoare.
Cambuur moat moandeitejûn opnij de striid mei FC Zwolle oangean om in ferfolch te jaan oan de neikompetysje. De Ljouwerters wûnen freedtejûn mei 3-1 fan Zwolle nei in 1-1 stân healwei.
Sandor van der Heide iepene de skoare foar Cambuur, Paul Beekmans skeat mei in eigen doelpunt de Zwollenaren op 1-1. Ynfaller Mark de Vries wie yn de twadde helte de grutte man by de ploech fan trainer Stanley Menzo. Amper yn it fjild makke hy twa goals: 3-1.