1000 roeiers by 11 stêden del

© Omrop Fryslân
Foar de 24ste kear is freedtejûn yn de Prinsetún yn Ljouwert it startsein jûn foar de roei-alvestêdetocht. Tûzen dielnimmers dogge dit jier mei oan de 240 kilometer lange tocht troch de Fryske wetters.
Foar it earst dogge ek eko-teams mei. Dat hâldt yn dat de roeiers dy't yn de folchploeg sitte, fytse yn stee fan yn in auto meiride. Seis teams roeie de folsleine tocht. It startskot waard jûn troch PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi.