Plak foar sweltjes yn Hylpen

22 maaie 2009 - 20:59

Yn Hylpen krijt de grutste hússweltsjeskoloanje fan ús lân takom wike einliks ferfangende wenromte. Alle jierren briede yn Hylpen goed 200 pearkes. Harren briedplak ûnder de dakgoaten fan wat âldere huzen is fuort. Dy hûzen binne sloopt.

Ynwenners fan Hylpen skeakelen it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) yn om foar saneamde sweltsjetillen te soargjen. Dat hat lang duorre, want foar de grutte peallen mei de sweltsjehúskes is in fergunning nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)