Twongen ûntslaggen by Aquanaut

© Omrop Fryslân
It Snitser wettersportbedriuw Aquanaut moat reorganisearje. Seker acht minsken driigje harren baan te ferliezen. Fan trettjin minsken wurdt in tydlik kontrakt net ferlingd. Dat hat fakbûn FNV-Bondgenoten bekend makke. Der is in sosjaal plan makke dêr't de fakbûnsleden harren noch oer útsprekke moatte. By Aquanaut wurde skippen makke, ferhierd en ferkocht.
Op dit stuit is der neffens it fakbûn noch genôch wurk, mar falt it tal nije oarders ôf.