Sloep by Grou weiwurden

22 maaie 2009 - 14:17

De plysje is op syk nei in sloep dy't sûnt ôfrûne woansdei fermist wurdt. In 34-jierrige Snitser hie de boat doe hierd by in bedriuw yn Snits. Doe't er der mei te farren wie, waard er nei eigen sizzen yn de omkriten fan Grou net goed. Hy waard dêrop troch in ûnbekende automobilist foar kontrôle nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Doe't er letter wer by de sloep kaam wie dy fuort. De plysje siket no de sloep, de automobilist dy't de man nei it sikehûs brocht hat en nei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)