Fermiste frou terjochte

© Omrop Fryslân
De 47-jierrige Corrie Will út Ljouwert dy't sûnt woansdeitejûn fermist waard, is terjochte. Doe't har freon tongersdeitemiddei thúskaam, stie sy ynienen yn de keamer fan har wenning yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren.
De frou is bot yn de war. It docht bliken dat sy al dy tiid gewoan thús west hat. Sy hie har ferstoppe op de souder fan it hûs. Frou Will wurdt opfongen troch har famylje en helpferlieners.