Feanspilers yn Oranjeteams

21 maaie 2009 - 15:09

Fuotballers Daryl Janmaat en Geert-Arend Roorda fan SC Hearrenfean binne oproppen foar it belofteteam fan bûnscoach Hans Schrijvers. Dat spilet fan 1 juny ôf in toernoai yn Toulon. Oanfaller Donovan Deekman stiet op de reservelist. Nederlân sit yn in pûl mei Argentinië, de Feriene Arabyske Emiraten en Egypte.

Ek Hearrenfeanspiler Luciano Narsing mei oantrede. Hy is oproppen foar it Nederlânsk alvetal ûnder de 19 jier foar in toernoai yn Slovenië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)