Twa oanhâldings foar heling

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei twa Ljouwerters oanhâlden op fertinking fan heling. Plysjeminsken seagen in man mei in opfallende tas in winkel oan de Nije Easterstrjitte yngean. Even letter kaam er der mei in lege tas wer út. Ut ûndersyk waard dúdlik dat er in stellen laptop oan de man fan de winkel ferkocht hie.
De fertochte koe letter yn syn hûs oan de Koestrjitte oanhâlden wurde. Sawol de keaper as de ferkeaper binne meinommen nei it buro foar ferhear.