'Sels yngripe by weryndieling'

20 maaie 2009 - 21:00

De provinsje moat de gemeentlike weryndielings net allinnich oan de gemeenten oerlitte, mar ek sels yngripe. Dat advys krigen sa'n 30 Steateleden woansdei yn Den Haach fan âld-kommissaris Loek Hermans. Hy sei dat op persoanlike titel en net as senator.

De delegaasje Steateleden wie op wurkbesite by de Earste Keamer om te praten oer de bestjoerskrêft yn Fryslân en de status fan it Frysk as minderheidstaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)