Mear technykopliedings op FC

20 maaie 2009 - 20:52

It Friesland College wreidet it oanbod oan technykopliedings út. Fan takom skoaljier ôf kinne learlingen de nije oplieding middenkader Engineer folgje. It giet om in brede technyske oplieding op it heechste MBO-nivo dy't goed oanslút op in ferfolch op it HBO.

It FC begjint dêrneist in nije oplieding lânboumeganisaasje en sil yn 'e festiging op It Hearrenfean de technykhal mei sa'n 800 fjouwerkante meter útwreidzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)