Training muzikale jongeren

© Omrop Fryslân
Goed 50 muzikale jongeren krije de kâns om in jier lang in training te folgjen by Keunstwurk. It giet om blazers en slachwurkers fan tusken de 12 en 16 jier. Sy moatte wol ûnderfining ha, se moatte yn elts gefal it nivo fan it B eksamen ha.
Keunstwurk wol mei it jiertrajekt de jongeren wat mear biede as allinnich it spyljen by it eigen korps. De jongeren spylje in kear as fjouwer mei-inoar en mei oare orkesten. Ferneamde diriginten sille les jaan.