Lichem Tsjummearumer fûn

20 maaie 2009 - 19:04

Dûkers fan de plysje ha woansdeitemiddei yn de haven fan Sliedrecht it stoflik omskot fan in 33-jierrige ynwenner fan Tsjummearum fûn. De man waard sûnt sneintejûn fermist. Hy kaam doe nei in besite oan de kroech net werom op de sleepboat dêr't er wurke.

Earst waard mei sonarapparatuer socht yn de omjouwing fan de sleepboat, middeis ha dûkers it wetter yn west. Undersyk fan in GGD-arts hat útwiisd dat de man ferdronken is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)