Byld fan oanspielde fisk

20 maaie 2009 - 16:09

Fan de op Flylân oanspielde hjerringkening sil yn it Frysk Natuermuseum in ôfjitsel makke wurde. De hast 3,5 meter lange fisk spielde tiisdei oan op it strân fan Flylân. Letter spielde der ek ien oan op Teksel. Neffens EcoMare op Teksel is de hjerringkening noch net earder op in Nederlânsk strân oanspield.

In preparateur sil in ôfjitsel meitsje fan de fisk. Dat moat fluch dien wurde, want de fisk bedjert yn in pear oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)