Nije fjilden Drachtster Boys

20 maaie 2009 - 15:46

Fuotbalferiening Drachtster Boys mei fan de gemeente Smellingerlân twa nije keunstgersfjilden oanlizze litte. Al in pear jier hat de feriening te min fjildromte. Mei twa nije keunstfjilden kinne de problemen oplost wurde. Twa oannimmers sille frege wurde in offerte út te bringen. Foar de simmer moatte de nije fjilden der lizze.

Drachtster Boys moat in kwart fan de kosten betelje, de rest betellet de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)