Kijlstra nimt Oenema oer

Alle ambulânses ride aanst foar Kijlstra
Kijlstra Ambulânsegroep Fryslân nimt de ambulânsetsjinst fan Oenema oer en wurdt dan it grutste ambulânsebedriuw yn Fryslân. By Oenema Ambulancevervoer wurkje no mear as 40 minsken, dy geane allegear oer nei Kijlstra. Beide bedriuwen wurken al in oantal jierren in soad meielkoar.
Kijlstra hat aanst 22 sikeauto's dy't hast 30.000 ritten yn it jier dogge. Dat is twatredde part fan alle ambulânseferfier yn Fryslân.