Nij kultureel sintrum Drachten

20 maaie 2009 - 10:18

Yn Drachten komt in nij kultureel sintrum. It giet om in ynvestearing fan goed 47 miljoen euro. Yn de kultuerketen is plak foar Schouwburg De Lawei, keunstesintrum De Meldij, de biblioteek, Museum Smallingerland, poppodium Iduna en ROC Friese Poort.

It moat komme op de lokaasje fan de Lawei en de Meldij. De plannen wurde op dit stuit yn Drachten presentearre en passe yn de ambysje fan Smellingerlân om yn 2018 Kulturele haadstêd fan Europa te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)