Hjerringkening op strân Flylân

Op Flylân is in 'haringkoning' oanspield. De djipseefisk is hast 3,5 meter lang. It is foar it earst dat yn Nederlân sa'n fisk fûn is.
Ferline jier spielden der trije oan yn Noard East Ingelân. De hjerringkening libbet op in djipte fan tûzen meter en kin wol 17 meter wurde. Se komme net faak oan de opperflakte. Bern fan in skoalle yn Wolvegea dy't op skoalreis wiene, seagen de fisk lizzen op de Vliehors. De hjerringkening is foar ûndersyk nei Ecomare op Teksel brocht.