Cambuur ferliest yn Zwolle

© Omrop Fryslân
SC Cambuur is tiisdeitejûn net goed oan de neikompetysje begûn. Yn en tsjin Zwolle waard mei 2-1 ferlern. De Ljouwerters krigen yn de 19e minút in geweldige tik doe't Zwolle oanfierder Van der Haar mei in poeier syn ploech op foarsprong sette.
Yn de twadde helte soarge Roel de Graaff foar de prachtige 2-0 foar Zwolle. Cambuur besocht it wol, mar krige amper kânsen. In pennel fan Koen Brack, trije minuten foar de ein, brocht de einstân op 2-1.