Kanselarij as Akademygebou

19 maaie 2009 - 23:11

De Kanselarij oan de Turfmerk yn Ljouwert soe yn de takomst hiel geskikt wêze as akademygebou foar de nije Fryske Universiteit. Dat seit deputearre Jannewietske de Vries. Yn De Kanselarij sit no noch it Frysk Museum, mar dat sil ferhúzje nei it Saailân yn de stêd.

Yn sa'n nije Fryske Universiteit soene talintfolle HBO-studinten trochstreame kinne nei it wittenskiplik ûnderwiis. Provinsjale Steaten prate yn septimber oer de takomst fan de universiteit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)