Spektakulêr plan teater Snits

19 maaie 2009 - 20:00

It ynternasjonaal bekende arsjitekteburo Alberts & Van Huut út Amsterdam mei it nije teater fan Snits bouwe. 34 arsjitekteburo's hiene har ynskreaun foar de klus, mar it organyske ûntwerp fan Alberts & Van Huut wie it bêste, neffens de gemeente Snits.

It buro is bekend troch de bou fan ûnder oare it ING-gebou yn Amsterdam en dat fan de Gasunie yn Grins. Snits hat 12 miljoen euro klearlizzen foar de bou fan it nije teater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)