Fryske matroas fermist

© Omrop Fryslân
De plysje sil woansdei yn de haven fan Sliedrecht sykje nei in matroas (33) út Tsjummearum. Hy wurdt sûnt snein fermist. De KLPD sil mei sonarapparatuer sykje. De eigner fan in sleepboat die moandei oanjefte fan fermissing. Hy wie snein net weromkaam fan in besite oan de kroech.
In frou op in oar skip hearde sneintejûn wol wat lawaai. Mooglik hat se de matroas sjoen. Fanwegen tariedende wurksumheden koe de KLPD net earder begjinne mei dregjen.