Tsjûgen Kooistra opnij hearre

19 maaie 2009 - 16:42

Trije tsjûgen yn de saak Niels Kooistra wurde yn heger berop opnij heard. De tsjûgen steane net mear achter de ferklearrings dy't se earder ôfjûn hawwe.

Niels Kooistra waard begjin augustus yn Ljouwert delstutsen troch in Ljouwerter (18). Dy hat 12 jier sel krigen. Hy stuts Kooistra del mei in priem doe't er 'middei' tsjin him sei. Kooistra rekke ferlamme en koe net mear selsstannich sykhelje. Op eigen fersyk is de behanneling stillein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)