Aksje fan GGZ-kliïnten

19 maaie 2009 - 14:42

De Ried fan Bestjoer fan de GGZ hat begryp foar de aksje fan kliïnten yn Ljouwert. Dy fiere tiisdei aksje om't se benaud binne foar besunigings op de soarch. Dan giet it net allinnich by har festiging, de Drie Dukantons oan de Dammeleane yn Ljouwert, mar ek op oare plakken.

De GGZ moat reorganisearje om't it finansjeel yn swier waar sit. Kliïnten fine dat se te min ynformaasje krije en dat se neat sizze meie. Neffens de Ried fan Bestjoer is dat net sa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)