SC Hearrenfean makket ekskús

© Omrop Fryslân
De direksje fan SC Hearrenfean hat op de eigen webside syn ekskús makke oan de supporters oer it ferfier op 'e dei fan de bekerfinale. It fuortriden fan de treinen en bussen nei de Kuip ta en wer werom nei Fryslân, gie net goed, wêrtroch't supporters in part fan de wedstriid en de huldiging misten.
'It hie in perfekte dei wêze kinnen en dat is it op dizze wize net wurden,' sa seit direkteur Yme Kuiper. De klup wol op koarte termyn in petear mei Arriva, de NS en de gemeente.