Jild foar keunstgersfjild

19 maaie 2009 - 10:50

Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân wolle mear as fjouwer ton útlûke foar in keunstgersfjild. It fjild soe foar fuotbalferiening De Sweach wêze moatte. De klup hat der ferlet fan, om't der mear traind wurdt as dat de fjilden oankinne.

De gemeente sjocht de oanlis fan it keunstgersfjild as in resesjeprojekt. Dat soarte fan projekten binne bedoeld om bedriuwen dy't lêst ha fan de krisis, troch de tiid te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)