Kuieralvestêdetocht is los

19 maaie 2009 - 10:43

De 63e Alvestêdekuiertocht is tiisdei om 7.00 oere yn Ljouwert begûn. Yn fiif dagen rinne goed 1300 kuierders de alve stêden by del. Fan de dielnimmers rinne 800 alle dagen mei en de oaren dogge ien dei mei. De belangstelling foar it sliepen ûnderweis yn de boaten nimt ta. Der binne no fjouwer sliepboaten. De rekôrhâlder rint dizze edysje foar de 49e kear mei.

Sneon dogge fiif dielnimmers mei har scootmobyl mei. Dan is de koartste rûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)