Snits ferfangt LEDferljochting

© Omrop Fryslân
Snits moat de LEDferljochting fan twa rotondes ferfange. De lampen binne net wetterticht. It giet om de rotondes op bedriuweterrein De Hemmen en dy by de brede skoalle yn de wyk Duinterpen.
De LEDferljochting is trije jier lyn oanbrocht yn de betonnen binnenring fan de rotonde. In grut part fan de lampkes foel al gau út om't de oansluting fan it ljochtarmatuer net oer wetter koe. Der is no in nijere ferzje. Dy wurdt begjin juny ynstallearre.