MCL krijt nij laserapparaat

19 maaie 2009 - 10:27

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat in nij laserapparaat dat yngrepen oan de eagen better en nofliker ferrinne lit. It nije apparaat jout yn ien kear in tal laserpulsen yn it each wêrtroch't bygelyks in loslittend netflues wer fêstgroeie kin. Oant no ta moasten eachartsen eltse puls apart jaan en dat wie gefoelich foar de pasjint.

De eachartsen fan it MCL tinke dat se foaral diabetespasjinten better helpe kinne mei it nije apparaat. Sy ha faak problemen mei de eagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)