Behannelsintrum kin trochgean

© Omrop Fryslân
De plannen foar it behannelsintrum foar jongeren yn Koartehimmen kinne trochgean. De gemeenteried fan Smellingerlân is akkoart mei de ôfspraken tusken de gemeente en de stifting Het Poortje Justitiële Jeugdinrichtingen. Dy organisaasje krijt it behear oer de lokaasje.
It sintrum Woodbrookers is bedoeld foar jongeren mei gedrachsproblemen. Omwenners binne tsjin de komst fan it sintrum. Se binne benaud foar har feiligens.