Dieltiid WW by Steinfort

18 maaie 2009 - 22:49

Glêsprodusint Steinfort fan Frjentsjer hopet yn de rin fan 2010 wer normaal te produsearjen sûnder help fan dieltiid WW. It persoaniel is moandei akkoart gien mei de ynfiering fan dy dieltiid WW. De fakbûnen hiene earder al ynstimd. Der wurkje mear as hûndert minsken by it bedriuw.

Gemiddeld hoege se no yn dei yn de wike net nei it wurk, mar krije se in oplieding. It bedriuw follet it lean oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)