Digitale gearwurking gemeenten

18 maaie 2009 - 22:11

Acht Fryske gemeenten, wêrûnder Ljouwert, kinne alle digitale gegevens no twa kear opslaan. Op in server yn Ljouwert en ien yn Boalsert.

It giet om alles wat fia de kompjûter by de gemeentehûzen binnenkomt of derút giet. Der komme hieltyd mear data en dy moatte bewarre bliuwe. Dêrom is troch de gemeenten in miljoen euro ynvestearre yn de twa databanken. De gemeenten besparje troch dizze gearwurking 500.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)