Geasten yn Blokhúspoarte?

Undersyk nei geasten yn de Blokhúspoarte
Der sil nei geasten socht wurde yn de eardere finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Undersikers fan 'The Dutch Paranormal Society' hawwe de behearder frege om tastimming it gebou te besjen.
In ûndersykster hat al yn it gebou west. Sy is der wis fan dat der geasten binne. Op foto's steane figueren dy't wize op geasten. It ûndersyk soe ferline wike al úteinsette, mar doe wie de apparatuer stellen.