Ekskuzes Arriva oan Feanfans

18 maaie 2009 - 15:02

Ferfiersbedriuw Arriva biedt eksuzes oan oan 'e Hearrenfeanfans dy it begjin fan 'e bekerfinale tsjin FC Twente mist hawwe. De supporters kamen te let yn it stadion yn Rotterdam trochdat de bussen fertraging hiene.

De 185 bussen kamen al te let oan op de opstapplakken en dêrnei koene de fans de goede bus net fine. De bussen stiene ek noch net op nûmer achter inoar, mar troch elkoar hinne. Boppedat hâlden autofiles op 't Fean it busferkear op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)