V/d Heide net tsjin FC Zwolle

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur-middenfjilder Sandor van der Heide moat de earste play-off wedstriid tsjin FC Zwolle oan him foarby gean litte. De spulmakker hat in skuorke yn de hamstring. Hy hopet der freed yn de thúswedstriid wol wer by te wêzen mar ek dat is ûnwis.
Ale de Boer en Marc Mboua binne troch blessueres ek net ynsetber. Fierder hat trainer Stanley Menzo in fitte en folsleine seleksje. De wedstriid tusken Zwolle en Cambuur begjint om 20.00 en is live op tv en radio.