CNV dielt 'lontsjes' út

© Omrop Fryslân
CNV Bedriuwsbûn hat moandei by it treinstasjon fan Ljouwert lontsjes útdield. De aksje is bedoeld tsjin asosjaal gedrach yn trein, bus of ambulânse. By de lontsjes siet in briefke mei de fraach om dochs lange lontsjes te brûken. Lykas bekend stiet 'in koart lontsje hawwe' foar 'gau lilk wurde'.
Yn Ljouwert waarden fiifhûndert fan sokke lontsjes útdield. De aksje waard útfierd troch Emiel Peper en Jan Kampherbeek fan it CNV.