Nije opspoaringssite plysje

Plysje lansearret nije opspoaringssite
De Plysje Fryslân hat moandei in nije opspoaringssite yn gebrûk naam. De internetsite hjit Dader Gezocht. Dêroan keppele binne ek in Youtube-site en in Twitterprofyl.
De plysje wurke earst gear mei Omrop Fryslân en GPTV om dieders fan misdriuwen op te spoaren. Mar net alle doelgroepen seagen nei Plysjepost en de opfolger by GPTV. Sa foelen allochtoanen bûten de boat. Der stean fyftjin aktuele saken op 'e site www.dadergezocht.nl.