Reedrydskiedsrjochter stoarn

18 maaie 2009 - 08:15
  • Folkert Brouwer (foto: KNSB)

Reedrydskiedsrjochter Folkert Brouwer is ôfrûne freed yn syn wenplak It Hearrenfean oan in hertstilstân ferstoarn. Hy is 64 jier wurden.

Brouwer hat jierrenlang skiedsrjochter west op grutte ynternasjonale reedrydtoernoaien. Fan 1977 hat er him as frijwilliger ynset fan de reedriderij. Hy wie foarsitter fan de Hardrijders Club Heerenveen. It WK Ofstannen yn Richmond yn maart wie Brouwer syn lêste ynternasjonale skiedsrjochtersoptreden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)