Van der Mei wint Grutte Priis

17 maaie 2009 - 19:11

Nathalie van der Mei hat snein de Grutte Priis fan it concours hippique yn Kopenhagen wûn. De hynsterydster út Makkingea makke mei Heechhiem's Springtime de rapste, foutleaze kombinaasje yn 'e twadde manche.

Har konkurrinten wiene op syn minst trije tellen stadiger. De Dútser Thomas Weinberg mei Escobar en de Deenske Tina Lund mei Zamiro wiene noch it tichst yn 'e buert. Jur Vrieling út Holwierde yn Grinslân waard tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)