Remon van Lunzen wint yn Emmen

17 maaie 2009 - 17:19

Hurdrinner Remon van Lunzen fan Ljouwert is sneintemiddei yn Emmen winner wurden fan de Rietplasrin. Van Lunzen rûn de fyftjin kilometer yn in tiid fan 49 minuten en 38 sekonden. Jan Veldhuizen út Smilde waard op 35 sekonden twadde yn in fjild fan 400 dielnimmers.

By de froulju wûn Yvonne Kassenberg fan Burgum yn in tiid fan 58 minuten en 29 sekonden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)