Fernielings yn Earnewâld
De plysje hat sneontejûn in 37-jierrige man út Dokkum en in 29-jierrige plakgenoat oanholden yn Earnewâld foar fernielerij. De beide manlju hiene yn in kafee oan de Piet Miedemawei bier smiten nei oare besikers.
Ek hiene se in kompjûter en in pinautomaat omsmiten. De plysje waard dêrop warskôge en dy koe beide manlju oppakke.