Slaanderij yn Ljouwert

17 maaie 2009 - 14:35

In 19-jierrige man út Ljouwert is sneintemoarn betiid oanholden om't er in leeftydsgenoat út Marsum in klap jûn hawwe soe. Wat der krekt bard is is neffens de plysje net dúdlik. Wol is bekend dat twa groepen inoar moeten yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert.

Dêr ûntstie rúzje wat úteinliks útrûn op slaanderij. It slachtoffer moast foar ûndersyk nei it sikehûs en de fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)