Lieuwe Westra noch lieder

17 maaie 2009 - 14:13

Lieuwe Westra fan Mûnein is ek nei de foarlêste etappe noch lieder yn de ronde fan Picardië yn Frankryk. De Frysk hurdfytser fan Vacansoleil hold yn de moarnsrit oer 84,5 kilometer fan Foucy-le-Château Auffrique nei Noyon 28 sekonden foarsprong op de nûmer twa, Romain Feillu út Frankryk.

De etappe waard wûn troch Robbie McEwen. De lêste rit sneintemiddei oer 95,5 kilometer giet ek nei Noyon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)