Jild foar sealesintrum Damwâld

© Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel stekt in lytse twa ton yn sealesintrum De Kruisweg yn Damwâld. Begjin dit jier kocht de gemeente it monumintale gebou omdat it al in skoft leech stiet en driget te fertutearzjen.
De gemeente wol gau begjinne mei it opknappen fan De Kruisweg om fierder ferfal foar te kommen. Der wurdt socht nei in pachter dy't it gebou as kafee útbate wol. Damwâld sit al jierren sûnder doarpshûs.