Wedstriid om sterkste boer

Sterke man Wout Zijlstra is wedstriidlieder
Wa is de sterkste boer fan Fryslân? Dat moat 30 augustus dúdlik wurde by in wedstriid tusken sterke boeren yn it Frysk lânboumuseum yn Earnewâld.
Lykas by oare wedstriden foar sterke mannen, stride de boeren op ferkate ûnderdielen om de earetitel fan de sterkste. Mar yn 't plak fan frachtweinen moatte sy trekkers fuortlûke. Ek molkbussen tille, striepakken fuortsmite en oare ûnderdielen dy't mei it boerelibben te meitsjen hawwe steane op it programma.