Trije auto's botse opinoar

16 maaie 2009 - 13:25

Op in rotonde yn Drachten binne freed trije auto's opinoar botst. De trije rieden achter inoar op de Noarderhegewei om nei it sintrum fan Drachten ôf te slaan, doe't de achterste auto by it ôfremjen yn in slip rekke.

De bestjoerder fan de middelste auto, in 52-jierrige frou út De Rottevalle, is mei ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)