Snitser ferwûne by ûngelok
In 21-jierrige Snitser is freedtejûn slim ferwûne rekke by in iensidige oanriding op de A7 by Boalsert. De man ried fan Makkum rjochting Snits doe't er troch noch ûnbekende oarsaak neist de dyk rekke en troch de strúkjes op de parallelwei telâne kaam.
De man is mei swiere ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht.