Soad animo jongerefestival

Klear foar it festival
We meie dan midden yn in resessy sitte, it kristlik jongerefestival 3-16 by Oerterp fernimt dêr net in soad fan. De sponsors stean yn de rige foar it festival. It binne der sels sa folle, dat de organisaasje it festival fergees makke hat.
It festival 3-16 waard ferline jier foar it earst holden. Doe kamen der 1250 minsken op ôf. Sneontejûn ferwachtet de organisaasje twatûzen minsken.