Pas oar jier wer Indoor

It hynste-evenemint Indoor Friesland giet fan 't hjerst opnij net troch. Ferline jier slagge it net de finansiering rûn te krijen.
Oar jier komt der al wer in Indoor mei in nije opset, mar it slagget net mear om mei de nije partners noch dit jier in edysje fan it evenemint op poaten te setten. Yn 2010 dogge ek WTC Expo en evenemintebureau BCM út Eindhoven mei yn de organisaasje. BCM organisearret ek Indoor Brabant, Concours Hippique en Jumping Maastricht.