Epke Zonderland yn twa finales

Epke Zonderland (argyffoto)
Epke Zonderland hat freed by de wrâldbekerwedstriden turnjen yn Glasgow twa finaleplakken helle. Op de brêge waard er sechsde en op rek tredde. De bêste acht turnje de finale.
De bêste op brêge wie de Sloveen Mitja Petkovsek mei in skoare fan 15,700. Epke siet der hast in fol punt achter: 14,775. Oan it rek helle de Fryske turntopper 15,025 punten. Ek hjir wie in Sloveen de bêste: Aljaz Pegan mei 15,250.