Grutte taname eksamenburo's

Trainingsburo's foar eksamens dogge it goed
Moandei sette de eksamens yn it fuortset ûnderwiis wer útein. Hieltyd faker folgje learlingen bûten skoalle om lessen om har dêr op ta te rieden. Der is in hiele yndustry ûntstien fan trainingsburo's dy't dêr op ynspringe.
By it Bornegokollege op It Hearrenfean wiene freed de lêste eksamentrainings. Se wurde troch de skoalle sels hâlden. Mar hieltyd mear learlingen sykje help bûten skoalle. Guon trainingsynstituten sjogge in taname fan 60 persint.